ONS muoisum nei bekerfinale

26 apr 2014 - 01:57

ONS Boso Snits is noardlik bekerfinalist. Op eigen fjild wûnen se de heale finale tsjin sneinhaadklasser MSC út Meppel mei 2-1. De winnende goal waard djip yn blessueretiid makke troch Curty Gonzales. ONS wie flot op foarsprong kaam troch Ale de Boer, mar de Snitsers stienen nei in goed healoere mei in man minder yn it fjild troch in direkte reade kaart foar Sandor van der Heide. Yn de 70e minuut makke MSC gelyk en like it op strafskoppen út te draaien. Mar de ekstra tiid brocht dizze kear gelok. Haadklasser Urk is 17 maaie de oare finalist.

De reade kaart fan Sandor van der Heide kin grutte gefolgen ha. At hy trije duels skorst wurde soe komt hy yn de topklasse net mear yn aksje, en mist hy boppedat de bekerfinale tsjin Urk. Mooglik hat Van der Heide dus syn lêste wedstriid foar ONS spile.

Trefwurden: 
beker ONS fuotbal MSC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)