Biltse ielfisker betrape

25 apr 2014 - 15:51
Foto: ANP XTRA

In ynwenner fan de gemeente It Bilt is betrape op yllegaal fiskjen. De 60-jierrige man waard troch plysjes sjoen doe't er by de Aldebiltdyk fûken oan it leechheljen wie. Dêr kaam iel út, wylst dat in beskerme fisksoart is.

Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke, de fûken binne yn beslach naam.

Trefwurden: 
fisk iel fûke
(advertinsje)
(advertinsje)