Tsjommer krijt lintsje yn MCL

25 apr 2014 - 14:29

Gerrit Politiek (69) fan Tsjom krige freedtemoarn in lintsje op in bysûnder plak. Hy krige de oarkonde en spjelde útrikt op de heupôfdieling fan sikehûs MCL yn Ljouwert. Politiek hie eins mei in ferlechje nei de Koornbeurs yn Frjentsjer komme moatten, mar in brutsen skonk soarge derfoar dat dat net slagge.

Boargemaster Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel kaam nei it sikehûs. Dit ta grutte ferassing fan Polityk, dy't tocht der in röntgenfoto makke wurde moast. Yn plak dêrfan stiene de parsefotografen foar him klear.

Marja Dijkema fan Skiermûntseach krige har lintsje ek op in bysûndere lokaasje. Sy waard riddere op fearboat Rottum. Benedendeks stiene freonen en famyljeleden har op te wachtsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)