Frachtwein rôlet kanaal yn

25 apr 2014 - 12:14

By Agrifirm yn Drachten is freedtemoarn in frachtwein te wetter rekke. De sjauffeur krige de frachtwein net fan de hânrem ôf en hat dêrom de lucht út it systeem rinne litten. Doe't de man nei in bakje kofje werom kaam op it parkearplak, die bliken dat de hânrem derôf sketten wie. De frachtwein is dêrnei it wetter ynrôle.

De brânwacht hat skermen yn it kanaal pleatst om foar te kommen dat de disel út de frachtwein yn it wetter telâne komt. Der wurdt noch besjoen hoe't de wein út it wetter helle wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)