Lintsjerein foar 112 Friezen

112 Friezen ha freed in keninklike ûnderskieding krigen. It giet om 53 froulju en 59 manlju. It ferskil tusken it oantal manlju en it oantal froulju dat in lintsje krijt wurdt al in oantal jierren lytser.
Acht minsken waarden 'Ridder in de Orde van Oranje Nassau', de oare 104 waarden beneamd ta 'Lid in de Orde van Oranje Nassau'. Yn Súdwest-Fryslân waarden de measte lintsjes útdield: 25. Yn in oantal gemeenten binne hielendal gjin lintsjes opspjelde. It giet dan om Menameradiel, Ljouwerteradiel, Flylân, Skylge en It Amelân.
De gemiddelde leeftyd liket aardich heech. Mear as tachtich prosint fan de dekorearden is âlder as sechtich. De jongste is 49 jier.
Yn de Martinitsjerke yn Snits foel in échte lintsjesrein hjoed: mar leafst 25 minsken út de gemeente Súdwestfryslân krigen hjir in lintsje. Der wiene mar leafst twa echtpearen by: Wiebe en Marietje Mulder fan Boalsert en Ida en Siebe Deinum fan Toppenhuzen. Gerlof van der Werf waard beneamd ta Ridder. Van der Werf is bekend fan syn jierrenlange bestjoerswurk foar de Snitswike. Hy set him fierder ek yn foar hartpasjinten. Hy waard ûnderskieden as Ridder.
Yn Littenseradiel waarden freedtemoarn trije lintsjes útrikt. Feikje Vellinga-Schootstra út Mantgum waard yn Grins beneamd ta ridder. Fierder wie it in dûbelslach foar Wjelsryp. Sawol Anja Veenstra-Dijkstra as Sikko Bruinsma krige in lintsje.