Aksje foar fytspaad nei Deinum

Ynwenners fan Deinum, Boksum, Ritsumasyl en Blessum ha freedtemoarn aksjefierd foar in fytspaad neist de nije ûntslutingsdyk nei Ljouwert ta. De nij oanleine Skimerwei fan Deinum nei Ljouwert is wol breder as de dyk, dy't ferfongen is, mar noch hieltyd net breed genôch.
Dat fine net allinne de bewenners fan de doarpen, mar ek de eigeners fan twa leanbedriuwen dy't regelmjittich mei swier ark oer de wei ride. Sy demonstrearden mei harren ark hoe smel de dyk is oan deputearre Sietske Poepjes en de gemeente Menameradiel.
Ek binne der hântekenings oanbean troch doarpsbewenners oan de deputearre. Dy wol mei de gemeente om tafel om te sjen nei in oplossing. Dan moat der praten wurde oer jild en ek oer wat der konkreet mooglik is, want der is net in soad romte foar in fytspaad.