Wethâlders Dantumadiel bekend

Listlûker Roelof Bos fan it CDA yn Dantumadiel © Omrop Fryslân, Onno Falkena
Roelof Bos (CDA), Gerben Wiersma (ChristenUnie) en Emke Peterson (FNP) wurde de nije wethâlders fan Dantumadiel. It trio wurdt yn de riedsgearkomste fan takom wike tiisdei offisjeel beneamd. Dan wurdt ek it koälysjeakkoart fan de trije koälysjepartijen oan de ried foarlein. Yn dat akkoart steane gjin konkrete ôfspraken.
Om't der de kommende jierren in soad op de gemeente ôfkomt, wol de koälysje in iepen fyzje hâlde en goed gearwurkje kinne mei de folsleine gemeenteried en de 'mienskip' fan Dantumadiel.
De titel fan it akkoart is 'Ien mei de mienskip'.