Friezen ha measte webwinkels

Fan alle Nederlanners hawwe de Friezen de measte eigen webwinkels. Dat docht bliken út de Webwinkel Monitor 2014. Ien op de 250 Friezen hat sa'n eigen winkel. Yn hiel Nederlân binne der hast 60-tûzen online ferkeapplakken en yn Fryslân binne dat der al rom 2500. En dermei hat Fryslân dus de heechste webwinkeltichtheid fan Nederlân.
Neffens de ûndersikers fan de Casengo Webwinkel Monitor komt dat trochdat der hjir in soad minsken binne dy't troch de krisis harren baan kwytrekke binne.