Wjerljocht ynslein De Lemmer

24 apr 2014 - 22:02

In flinke tongerbui hat tongersdeitejûn foar oerlêst soarge op De Lemmer. In pear strjitten sieten nei de tongerbui sûnder elektrisiteit, it is noch net bekend wêr't it probleem krekt sit. By twa huzen is de wjerljocht ynslein.

By ien fan beide wenningen seagen de buorlju it ynslaan en sy bellen de brânwacht. De bewenners wiene net thús. De brânwacht hat dêrom de wenning iepenbrutsen om te kontrolearjen oft der brân ûnder it dakbeskot siet. Dat wie net it gefal. De wenningstichting hat in nij slot op de doar setten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)