Sintrum Mar en Klif weriepene

It besikerssintrum fan Mar en Klif yn Aldemardum is wer iepen. Nei moannen fan ferbouwing is Mar en Klif kompleet fernijd. Men kin yn it sintrum letterlik op reis gean troch it iis en ûntdekke hoe't it nasjonaal lânskip Súdwest Fryslân ûntstien is. It is sa makke dat it ek bern oansprekt. De observaasjehutte is boud troch learlingen fan ROC de Friese Poort.
De nije ynrjochting is mei mooglik makke troch de gemeente Gaasterlân-Sleat en de provinsje.