'Set direkteur op non-aktyf'

24 apr 2014 - 17:39

De ried fan oanbefelling fan Stifting Sviatoslav mei dêryn ûnder oare Foppe de Haan en Arjan Erkel fynt it better dat de direkteur fan de stifting op non-aktyf set wurdt. Tongersdei waard bekend dat de direkteur fertocht wurdt fan it benaderjen fan in minderjierrich famke mei it doel om seks mei har te hawwen.

De man op non-aktyf sette is it bêste foar de stifting, sa stelle beide manlju. As it ta in feroardieling komt soe de skea foar de stifting op dizze wize beheind bliuwe kinne.

Trefwurden: 
fertocht grooming Sviatoslav
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)