LDODK ferspilet djoere punten

19 feb 2012 - 16:11

Yn de striid om it earste plakje yn de haadklasse B hat LDODK punten ferspile tsjin Groen Geel. Yn Wormer is snein mei 19-16 ferlern. LDODK begûn sterk oan de wedstriid. Foar it skoft pakte de ploech fan Gerald Aukes in lytse foarsprong en gong mei 6-9 de klaaihokken yn.

Nei rêst kaam Groen Geel werom yn de wedstriid en wist mei noch in kertier te spyljen foar it earst in foarsprong te pakken. LDODK like it paad kwyt en seach de grien-gielen de winst pakken. Oer twa wiken moat der wûn wurde fan VADA om noch kâns te hâlden op de play-offs.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)