CU yn aksje foar omrop yn EP

24 apr 2014 - 16:10

De Europeeske fraksje fan de ChristenUnie makket him sterk foar in ûnôfhinklike posysje fan Omrop Fryslân. Dat seit CU-listlûker Peter van Daalen. Yn de nije Mediawet steane plannen om de regionale stjoerders ûnder te bringen by de Nederlânske Publike Omrop NPO. Dy kin dan bepale wannear't wat útstjoerd wurdt. Dêrmei komt neffens de ChristenUnie de ûnôfhinklike posysje fan de Omrop yn gefaar.

Van Daalen ûnderskriuwt de belangryke posysje fan de Omrop as it giet om de Fryske taal en kultuer. Dêrfoar is in ûnôfhinklike posysje nedich.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)