Dioksine yn aaien:nij ûndersyk

Der komt in lanlik ûndersyk nei dioksine yn aaien. Dat ûndersyk wurdt útfierd troch de GGD's. Oanlieding is de fersmoarging fan aaien yn Harns. De oarsaak is net dúdlik, mar yn Harns geane stimmen op dy't de ôffaloven REC fan Omrin as boarne oanwize.
Ferspraat oer it lân wurde partikulieren frege om 20 aaien oan it ûndersyk te leverjen. As dioksine fûn wurdt kin de GGD advys jaan oer mooglike maatregels. Der kin dan tocht wurde oan it bedekken fan de grûn mei gers of tegels, sadat de hinnen gjin skealike stoffen mear opfrette kinne.
Direkteur John Vernooij fan Omrin lit yn in reaksje wite dat in resint biomonitoringûndersyk útwiist dat mooglike dioksine yn aaien yn Harns en omjouwing net fan Omrin ôfkomstich wêze kin.