Accell ferkeapet mear fytsen

Fytsefabrikant Accell fan It Hearrenfean hat yn it earste fearnsjier fan dit jier in hegere omset en mear winst makke as yn 2013. Dat is tongersdei bekend makke. Konkrete sifers hat de fabrikant net jûn. Neffens topman Takens fan Accell wurdt der foaral profitearre fan it moaie waar yn Europa en de populariteit fan elektryske fytsen en sportfytsen.
By hast alle Accell-merken giet it goed mei de ferkeap. Accell ferwachtet foar de rest fan dit jier in fierdere groei fan de winst en omset.