Wurkskip sinkt yn PM-kanaal
In wurkskip mei dêrop in kraan en hakselmasine is sneontenacht yn it PM-kanaal sonken. It skip waard brûkt om de wâlskanten te snoeien. It is net dúdlik hoe't it sinke koe. De brânwacht hat in oaljeskerm om it skip lein om foar te kommen dat oalje lekt wurdt. Nei it bergen fan it skip wurdt ûndersocht hoe't it sinke koe.