Blog: Foarsitter SONS 2014: Gean derfoar!

24 apr 2014 - 11:04

'We binne bliid en grutsk dat we dit evenemint organisearre kinne', sa seit Bert Kuiper, foarsitter fan it bestjoer van de Special Olympcis Nationale Spelen 2014.
De âld-boargemaster van Skarsterlân set him al jierren yn foar minsken mei in ferstanlike beheining. Sa wie er lanlik foarsitter fan de feriening Philadelphia, foarsitter fan de Rie fan Tafersjoch fan Talant en no is er foarsitter fan Vrienden van Talant.

Grutste opgave foar it bestjoer wie it bymekoar krijen fan jild foar it evenemint. ‘It falt net ta om sponsors te finen yn dizze tiid. Mar it is goed kaam'. ’De gearwurking en de stipe fan definsje is foar it bestjoer hiel wichtich, it makket it evenimint mooglik. De lânmacht regelet it Olympic Doarp, de sliepplakken en it transport.'

Kuiper ropt eltsenien op nei de iepeningsjûn yn it Abe Lenstrastadion te kommen. 'It wurdt in fantastyskje jûn en nei de iepening kinne minsken de wedstriid Nederlân- Spanje sjen. Der is gjin ekskús om thús te bliuwen: Gean derfoar!

Trefwurden: 
argyf Special Olympics
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)