Twa himpkwekerijen oprôle

24 apr 2014 - 10:56

De plysje hat woansdei yn in loads oan De Parse yn Akkrum en yn in garaazje oan it Oosterom yn Snits himpkwekerijen oprôle. Yn Akkrum gie it om 500 planten en sa'n 50 kilo oan himptoppen, mei in strjitwearde fan goed hûnderttûzen euro.

Yn de garaazje by in wenning yn Snits stiene de himplanten yn twa kweektinten. De 57-jierrige bewenner hierde nei alle gedachten de loads yn Akkrum. De man is oanhâlden. De beide kwekerijen binne ferneatige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)