Yvonne Nauta sterk yn Hoorn

19 feb 2012 - 15:14

By de Hollân Cup 4 hat reedrydster Yvonne Nauta út Twellingea goeie saken dien. Sy wûn yn Hoorn op de earste dei sawol de 1500 meter as de 3 km. Twadde plak op de 1500 meter wie foar Roxanne van Hemert, tredde waard Lotte van Beek fan It Hearrenfean. Op de 3 km ried de Twellingeaster mei in tiid fan 4.19.94 in nij baanrekôr, dat sûnt 2006 op namme stie fan Marja Vis. Carlijn Achtereekte en Wendy Looijenga einigen as twadde en tredde.

By de manlju gong de winst op de 1500 m nei Lars Elgersma. Op de 3 km wie Frank Hermans de bêste.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)