'Noarden mear mei-inoar yn EU'

23 apr 2014 - 19:49

De trije noardlike provinsjes moatte mear mei-elkoar oplûke rjochting Europa. Dat fynt Europeesk-kandidaat Wim Eilering fan it CDA. Neffens de Drachtster soene Fryslân, Drinte en Grinslân wat minder dwaande wêze moatte mei de eigen provinsjale belangen. Op Europeesk mêd komme dy belangen nammentlik faak mei-inoar oerien.

Eilering is de iennichste kandidaat fan boppe de rivieren yn de top 10 fan de CDA-kandidatelist foar it Europeesk parlemint. Hy stiet op it 10e plak, mar hopet mei help fan foarkarstimmen dochs yn Brussel telâne te kommen.

Woansdei begûn it CDA yn Fryslân mei de kampanje foar de Europeeske ferkiezings dy't op tongersdei 22 maaie hâlden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)