Nije Bob-kampanje fan start

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
De nije Bob-sportkampanje is snein begûn. Deputearre Sietske Poepjes makke by de sportkantine fan de Ljouwerter kuorbalferiening de nije slogan bekend. In Bob drinkt gjin alkohol en kin as sjauffeur syn freonen ride. Ien op de fiif drinkt dochs en dat moat troch de nije kampanje feroarje. De slogan is '100 % Bob heeft 0 % alcohol op'. Promoteams geane by tal fan sportkantines del om Bob-ôfspraken te meitsjen en blaastesten ôf te nimmen. De provinsje, Veilig Verkeer Nederland en Sport Fryslân dogge mei.