'Gjin steatsstipe foar de EVT'

De njoggen miljoen dy't de steat oan EVT betelle hat, is perfoarst gjin steatsstipe. Dat sei steatssekretaris Wilma Mansveld woansdei yn de Twadde Keamer. It bedrach is bedoeld om alle claims fan de rederij ôf te keapjen en is basearre op in advys fan de lânsadvokaat. Mansveld sei dat it stik fertroulik is, mar dat keamerleden it lêze meie.
De opposysjepartijen CDA en SP bliuwe lykwols kritysk oer de deal en wolle graach ek de details witte fan in deal dy't Doeksen en de EVT ûnderling sletten hawwe.
Mansveld liet witte dat it hjir giet om twa partikuliere bedriuwen dy't dêroer neat oan har hoege te ferantwurdzjen. De oerienkomst tusken Ryk, EVT en Doeksen krige tongersdei de stipe fan koälysjepartijen PvdA en VVD. CDA en SP wegeren om in oardiel út te sprekken, omdat neffens keamerlid Sander de Rouwe no noch net goed te oersjen is wat de oerienkomst krekt wurdich is. Mansveld en ek PvdA en VVD hawwe der betrouwen yn dat troch de oerienkomst de rêst wer foar langere tiid werom is op it Waad, CDA en SP hâlde twivels.