Jongeren bekenne fernielings

19 feb 2012 - 14:11

Tolve minderjierrige jongeren út Surhústerfean ha bekend dat se saken fernield ha yn de Vogeltjesbuurt. Dêrmei kin de plysje it ûndersyk ôfslute. De jongeren krije in straf fia burio HALT. De skea wurdt op de jongeren of har âlden ferhelle.

In wike lyn wie ûnder oare sjerp en bakmoal op parkearde auto's smard, in ynvalidekarke ferpleatst en fan guon auto's binne spegels ôftrape. Ek is ôffal út konteners yn brân stutsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)