'Orka terjochte nei Tenerife'

23 apr 2014 - 11:23

De Ried fan Steat, de heechste rjochter yn ús lân, fynt dat orka Morgan terjochte nei Tenerife oerbrocht is. Stifting Dolphinmotion en Sea First wiene it net iens mei dy oerpleatsing. Se fine dat Morgan werom moat nei de see. De orka waard fjouwer jier lyn fûn yn de Waadsee en is doe nei it Dolfinarium yn Harderwyk oerbrocht.

Morgan is yn 2011 nei it Loro Parque op Tenerife oerpleatst, om't it Dolfinarium te lyts wie. De Ried fan Steat fynt dat dit de bêste kar wie, omdat se dêr goede ûnderfinings mei orka's hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)