PvdA-fragen oer files A6

File © Omrop Fryslân
De PvdA yn de Twadde Keamer wol fan de minister fan Ynfrastruktuer witte wat foar mooglikheden dy sjocht om files op de A6 by De Lemmer op te lossen. De PvdA wiist de minister der op dat der yn de simmermoannen geregeld files mei toeristen stean by ôfrit 17. Neffens de partij soarget dat foar gefaarlike sitewaasjes, omdat it trochgeande ferkear mei 130 kilometer yn de oere lâns dy files fljocht.
De minister wurdt frege om maatregels op koarte termyn, bygelyks troch de ynset fan matriksbuorden. Ek wurdt nei in oplossing foar de langere termyn frege.