Bouwmeester en Postma twadde

Marit Bouwmeester en Pieter-Jan Postma stean nei twa dagen silen om de wrâldbeker yn it Frânske Hyères beide op it twadde plak. Marit kaam yn har Laser Radial fiif kear yn aksje. Se wûn trije races, waard in kear tredde en fiifde (no har ôflûkresultaat). De Belgise Evi van Acker giet oan de lieding mei fjouwer punten, Bouwmeester hat twa mear. Pieter-Jan Postma, no even net dwaande mei de Volvo Ocean Race, waard yn de Finn fiifde, njoggende, earste en twadde. De Gryk Ioannis Mitakis is lieder mei sân punten, Pieter-Jan hat ien punt mear.
Sneon 26 april is de lêste dei fan de wrâldbekerwedstriden yn Hyères.