Wapentraining op fleanbasis

22 apr 2014 - 21:36

De fleanbasis Ljouwert is de kommende moannen lokaasje foar in training fan wapenynstrukteurs. Dy leare dan hoe't se kollega's mei minder ûnderfining ynstruksjes jaan moatte oer it omgean mei de wapens yn in F16. De training bestiet út in teoretysk diel en in praktykdiel. Foar dat lêste ûnderdiel komme der in tal kearen bûtenlânske fleantugen nei de basis. Dy fungearje dan as fijân. De fleantugen komme út België, Denemarken, Noarwegen en Portugal. Dat binne mei Nederlân de lannen dy't ek meidogge oan de training.

Trefwurden: 
fleanbasis wapens training
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)