Seizoenkaarten Cambuur op

22 apr 2014 - 19:43

Der kinne gjin nije seizoenkaarten mear kocht wurde by Cambuur. De klup rekke ferline wike al de kaarten foar de noard-, west- en easttribune kwyt, tiisdei rekke ek de súdtribune útferkocht. Mooglik dat der nei 6 juny noch wol in tal plakken frijkomt. It giet dan om hâlders fan in kaart foar dit seizoen foar wa't in plak reserveard is, mar dy't dêr gjin gebrûk fan meitsje. Cambuur hat yntusken in wachtlist oanlein mei minsken dy't noch belangstelling foar in seizoenkaart ha.

It útferkocht reitsjen fan de seizoenkaarten betsjut net dat der gjin losse kaarten mear kocht wurde kinne. Per wedstryd binne dêr noch 600 fan beskikber. Wa't der ien fan keapje wol, moat wol in klupkaart ha.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)