Kramer fjirde op 1500 meter

© awfoto.nl
Sven Kramer is op de 1500 meter yn Moskou by it wrâldkampioenskip fjirde wurden op de 1500 meter. De lieder yn it klassemint ried 1.47.30. Havard Bokko wûn yn 1.46.82, foar Ivan Skobrev yn 1.46.94 en Jan Blokhuijsen yn 1.47.22.
Op de lêste ôfstân, de 10 kilometer, hat Kramer in foarsprong fan 2.20 sekonden op Blokhuijsen en 6.62 op Verweij. Bokko moat goed acht sekonden goedmeitsje, Skobrev mear as fyftjin.