LTO tefreden oer REC-útstjit

REC ôffaloven © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
De ôfdieling Frjentsjer-Harns fan boere-organisaasje LTO Noord is tefreden oer de útkomsten fan de mjittings fan de útstjit fan de ôffaloven yn Harns. Neffens de LTO binne de útkomsten gelyk oan de útkomsten fan mjittings earne oars yn it lân. De stoffen dy't kwea kinne foar it gewaaks en de molke bliuwe neffens de LTO binnen de noarmen. De mjittings binne dien troch de Universiteit Wageningen. It doel is om te sjen oft de útstjit fan de oven kwealik is foar de lânbou.