Blog: Dizze wike nije rige yn Bynt

Dizze wike start der in nije rige yn Bynt oer de fjouwer dielnimmers oan de Special Olympics dy't wy as Omrop folgje. Jûn set de searje útein mei de reportaazje oer Jeffrey van Uffelen. Jeffrey waard op syn wurk ophelle troch syn coach Foppe de Haan.
Tegearre ha se nei de skoalle fan Jeffrey syn suske west. Syn suske Cindy sit op it Marnekolleezje yn Boalsert. Har klasse is in aksje starten foar it team fan Jeffrey. It team hat ferlet fan shirts mei rêchnûmers.
Dizze wike binne ek de reportaazjes mei siler Jacob van der Meulen, kuorbalster Alyce Norbruis en swimster Aaltsje van der Iest te sjen yn Bynt.