Jonge fynt stellen fyts werom

19 feb 2012 - 13:17
Foto: Omrop Fryslân

In jonge (14) út Frjentsjer hat syn stellen fyts werom. Hy seach sneon yn syn wenplak in frou op syn fyts riden. Dy wie trije wiken lyn stellen. Hy belle de plysje en folge de frou. Op it Ankerplak koe se oanhâlden wurde.

De frou (31) út Frjentsjer is heard en hat in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
plysje Frjentsjer stellerij
(advertinsje)
(advertinsje)