Fertochten Eker frijsprutsen

22 apr 2014 - 14:51

De twa Amsterdammers (28 en 33 jier) dy't derfan fertocht waarden dat se Henk Eker út Easterwâlde deaskeatten ha fanwege in mislearre drugsdeal, binne tiisdei frijsprutsen. Der komt gjin feroardieling, omdat der te min bewiis is. Neffens de rjochtbank kin net fêststeld wurde wa't sketten hat. De 51-jierrige Henk Eker waard yn jannewaris ferline jier deasketten yn de tún fan syn wenning. It Iepenbier Ministearje hie tolve jier sel tsjin it duo easke en is swier teloarsteld yn dizze útspraak. It gat tusken eask en útspraak is neffens it IM grut.

It Iepenbier Ministearje tinkt nei oft se yn heger berop geane tsjin de útspraak. Dêr hawwe se twa wiken de tiid foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)