Frijwilligers socht as mentor

© Omrop Fryslân
De Stichting Mentorschap siket frijwilligers dy't mentor wurde wolle. In mentor is in fertsjintwurdiger foar in persoan dy't selstannich gjin besluten nimme kin. Dat kin wêze om't dy persoan in ferstanlike beheining hat, in psychiatryske stoarnis, of omdat dy oan it demintearjen is. Om't famylje net altyd om de hoeke wennet, kin in mentor útkomst biede. De mentor wurdt fia de rjochter keppele oan de kliïnt fan de Stichting Mentorschap.