Omrop dielt lintsjes út

Lintsje © ANP
Omrop Fryslân Radio dielt freed, de dei fan de lintsjerein, spesjale Omrop-lintsjes út. Dy binne foar minsken fan wa't harkers fine dat se om wat foar reden dan ek in ûnderskieding fertsjinje. Harkers kinne minsken opjaan fia in spesjaal email-adres: lintsje@omropfryslan.nl.
Ferslachjouwers Joline Dalstra en Geert van Tuinen geane freed op 'en paad om de Omrop-lintsjes op te spjeldzjen. De Omrop-lintsjerein is de hiele dei te folgjen fia de radio en ynternet.