Noed oer wenjen nei sloop flat

© ANP XTRA
Wethâlder Gea Akkerman fan Súdwest-Fryslân praat moandei mei de bewenners fan de Furmerusflat yn Snits. Sy wolle prate om't de flat meikoarten sloopt wurdt en se ha noch gjin oare wenromte. De bewenners wenje sûnt in pear jier op anty-kreakbasis yn de Furmerusflat. It giet om goed 20 gesinnen. Se sizze dat se net samar in oare wenning ha, om't der lange wachtlisten binne foar hierhuzen.