Plysje pakt winkeldief

In 45-jierrige man út Berltsum is sneontemiddei oanholden yn in winkel oan it Saailân yn Ljouwert. De man hie in ferbod om de winkels dêr yn te kommen, mar die dat toch. It personiel herkende de man en warskôge de plysje. Dy hat him oanholden.
De fertochte hie in preparearre tas by him, bedoeld om befeiligingspoartsjes yn winkels út te skeakeljen. De plysje hat de tas yn beslach naam. Yn de tas siet allegear make-up, dy't de man nei alle gedachten earder al stellen hie. De fertochte sit fêst.