Brân yn sânskip

19 feb 2012 - 10:42

Yn it Prinses Margrietkanaal by Skûlenboarch is sneintemoarn om kertier foar njoggenen in skip yn 'e brân flein. It giet om in sân- en grintskip. Doe't de brânwacht oankaam, stie it skip fol reek.

De brân is yn de masinekeamer ûntstien. Hoe't dat gebeure koe, is noch net dúdlik. De brânwacht hie it fjoer tsjin healwei tsienen ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
brân skip
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)