Oerlis oer wynmûnen

19 feb 2012 - 09:37

Deputearre Konst praat meikoarten mei it ministearje fan ekonomyske saken oer de pleatsing fan wynmûnen yn Fryslân. Dat antwurdet it provinsjebestjoer op fragen fan de VVD oer kommersjele inisjativen foar wynmûneparken. Bedriuwen hoopje fia it Ryk grutte wynmûneparken bouwe te kinnen, dêr't de provinsje gjin tastimming foar jout.

It Ryk hat de Rykskoördinaasjeregeling ynset om it foech oer de pleatsing fan wynmûnen te hâlden. De VVD sit der oer yn dat Fryslân wynparken krijt op plakken dêr't de provinsje se net ha wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)