Belgyske fisker 'respektleas'

Skipper Klaas Jelle Koffeman fan de Urker fiskkotter FD281 neamt de aksje fan de Belgyske fisker "respectloos". De fisker, Jeroen Christiaen, liet ôfrûne sneon in briefke efter en wie dêrnei spoarleas. De KNRM starte fuortendaliks in grutte sykaksje. Uteinlik die bliken dat de man by syn freondinne yn België siet.
Hy wist dat er oppakt wurde soe yn Harns, omdat er hjir noch in selstraf útsitte moat en woe de Peaske noch mei syn freondinne trochbringe. De fisker meldt him tiisdei sels by de Nederlânske plysje.
De Belch hie himsels ferstoppe achter in wand yn syn hut. Hy siet dêr fan moarns fiif oere oant alve oere jûns, ek doe't de plysje ûndersyk die, sa fertelt Christiaen op de Belgyske televyzje: "Ik heb de politie naast me bezig gezien. Op het moment dat ze onderzoek deden naar bloedsporen, hebben ze zelfs vloeistof in mijn ogen gespoten. Zo dichtbij zat ik dus." De fisker lei de 400 kilometer nei België rinnend, fytsend en al liftsjend ôf.
Skipper Koffeman docht tiisdei ek noch oanjefte: de fisker hat in portemonnee fan ien fan de bemanningsleden stellen.
Jeroen Christiaen die syn ferhaal foar de kamera's fan de Belgyske stjoerder VTM: