Gjin wedstriid Snits Wyt Swart
Snits Wyt Swart komt snein net yn aksje tsjin koprinner Rohda út Raalte. De spilers fan Rohda sille dit wykein karnaval fiere en ha frege om útstel. Yn plak fan dizze wedstriid spilet Snits Wyt Swart in oefenduel tsjin FVC op sportpark Wiarda yn Ljouwert. De wedstriid begjint om 14.00 oere.