Hoogeveen wint op natoeriis

18 feb 2012 - 15:43

Jouke Hoogeveen hat sneontemiddei de Grand Prix finale op natoeriis yn it Sweedske Falun wûn. Dêrmei pakt de Amsterdammer ek de einoerwinning yn de KPN Grand Prix. Twadde yn it einklassemint waard Jens Zwitser, it tredde plak gong nei Karlo Timmerman. Martijn Kromkamp út Wolvegea einige nei fjouwer wedstriden op natoeriis yn it klassemint op it trettjinde plak. Durk Fabriek út Jubbegea, dy't foarige wike de Henk Angenent Classic wûn, stiet op it 21e plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)