'Net mear nei Hylpen komme'

Der komme sneontemiddei safolle minsken nei it kruiend iis yn Hylpen te sjen, dat it foar in ferkearsgaos soarget. De plysje freget minsken net mear nei it stedsje te kommen. Der stiet in lange file fan Warkum nei Hylpen en yn Hylpen en omkriten binne grutte parkearproblemen. Foar de Iselmardyk lizze de iisskotsen metersheech en minsken komme út it hiele lân om it natoerspektakel te sjen.