Lûdswâl Menaam moat op oarder

22 apr 2014 - 09:49

De gemeente Menameradiel en provinsje Fryslân lizze boetes op as de lûdswâl by Schatzenburg net op oarder brocht wurdt. De wâl wie eigendom fan Grondnet BV en is tsjintwurdich yn hannen fan Schatzenburg BV. De fergunning foar de ierden lûdswâl by Menaam is yn 2008 ôfjûn.

Twa jier lyn die by kontrôles fan de provinsje bliken dat der smoarge grûn brûkt is en dat ferskate sleatten yllegaal tichtgoaid binne. De lûdswâl moat no uterlik yn augustus 2017 oan alle easken foldwaan, oars folgje boetes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)