Sjauffeurs fiere aksje

22 apr 2014 - 09:39

Sa'n 50 sjauffeurs hawwe tiisdeitemoarn by it distribúsjesintrum fan de Lidl op It Hearrenfean aksjefierd foar in better salaris. Fakbûn FNV hie de aksje organisearre. De ûnderhannelings foar in nije CAO binne al in skoft fêstrûn. De wurkjouwers wolle gjin leansferheging wylst de FNV trije prosint ferheging easket. Ek wol it fakbûn dat der wat dien wurdt tsjin it ferdwinen fan de fêste banen en it ynhieren fan fleksibele krêften. Sûnt begjin april hawwe sjauffeurs al ferskate aksjes hâlden. Op 10 maaie is in lanlike aksjedei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)