Stimulearringsfûns G-sporten

In spesjaal fûns moat de G-sporten yn Fryslân stimulearje. Mei de Special Olympics yn Fryslân krije de G-sporten op it stuit in soad omtinken, mar sûnder dit evenemint is it stil. Dat moat oars, fynt de organisaasje fan de Special Olympics. En dêrom wurdt, ûnder oaren mei in kleanynsammelingsaksje, jild ophelle. Dat komt yn in fûns dat beskikber steld wurdt foar de stimulearing fan G-sporten.
De Special Olympics binne oer 7,5 wike op It Hearrenfean en yn Snits. Der dogge goed 2000 sporters oan mei yn 20 ferskate sporten.