Aaipop lûkt soad besikers

21 apr 2014 - 18:22

De 27e edysje fan Aaipop is in súkses wurden, mei mear as 1500 besikers en sechtsjin acts, werûnder de band Y Bandana út Wales. It popfestival fynt altyd plak midden yn it doarp Nijlân, mar dat hat nea foar swierrichheden soarge. De ferienings fan it doarp leverje mei syn allen 150 frijwilligers en profitearje der finânsjeel ek fan.

Der wienen op it terrein trije poadiums, dêr't tusken middeis twa oere en jûns tsien oere optreden waard troch ûnder oaren Mink, De Hûnekop, Die Twa, Piter Wilkens en Nicsz.

Trefwurden: 
Nijlân Aaipop popfestival
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)