Sykaksje nei melding fjoerpylk

KNRM rêdingsboat © ANP XTRA
Twa rêdingsboaten fan de KNRM op Flylân binne sneintejûn ynskeakele neidat der in melding kaam fan kemping Stortemelk fan in fjoerpylk yn eastlike rjochting. De beide rêdingsboaten hawwe in lyts oerke yn it gebiet oan it sykjen west. Der waard neat oantroffen. Fia de fjoertoer de Brandaris op Skylge waard boppedat dúdlik dat der gjin skipfeart wie yn it gebiet dêr't de fjoerpylk sjoen waard. Yn oerlis mei de Kustwacht is dêrop besletten om de aksje te staken.