Peaskespektakel Bosk fan Ypey

21 apr 2014 - 13:16

It peaskespektakel yn it Bosk fan Ypey by Groot Vijversburg is in grut sukses. De rein moarns hie net folle ynfloed op it besikersoantal. Om alve oere wienen der al 500 kaartsjes ferkocht. De bern en har âlden koenen oan tal fan aktiviteiten meidwaan, werûnder natuerlik aaisykje yn it bosk.

De Lionsklups fan Ljouwert, de Wâlden en Oostergoo organisearje it evenemint al foar de fiifde kear, mei as doel jild op te heljen foar in goed doel. Dit jier is dat bestimd foar kânsearme jongeren, dy't in moaie sportdei oanbean krije op It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)