Rommere regels hynder en wein

21 apr 2014 - 12:31

De regels om mei hynder en wein troch de doarpsstrjitte op Flylân te riden, binne ferromme. Oant no ta mochten autobesitters mei ûntheffing allinnich fan east nei west troch de winkelstrjitte ride. Foar de trije hynder- en weinkombinaasjes om bagaazje foar eilangasten te ferfieren waard in gedoochsituaasje hantearre.

De ried fan Flylân hat no besletten dat der foar hynder en wein gjin ferplichte rydrjochting mear jildt.

Trefwurden: 
Flylân hynder en wein
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)